Mollema net grut by taskôgers

19 jul 2013 - 17:41

Dizze dagen kinne wy hast net om him hinne. Eltsenien praat oer hurdfytser Bauke Mollema. In skoft lang stie hy op it twadde plak yn it klassemint fan de Tour de France. No stiet hy sechsde. Yn Fryslân en de rest fan Nederlân is hy dus in grutte bekendheid, mar hoe sit dat eins yn Frankryk sels? Ferslachjouwer Roelof de Vries frege yn Frankryk lâns de rûte fan de Tour de France oan de taskôgers oft se him ek kenne. De measten sei de namme Mollema neat, mar dat kin ek komme troch de útspraak fan de namme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)