'Almere hat bêste papieren'

De KNSB en NOC*NSF binne teloarsteld oer de útspraak fan de rjochtbank yn Utert. Der moat binnen fiif dagen in beslút naam wurde oer de foarlopige gunning foar in topsportlokaasje. De sportbûnen lizze har hjir by del. Se geane net yn heger berop tsjin de útspraak. Neffens KNSB-foarsitter Doekle Terpstra betsjut dit dat se no op basis fan it advysrapport in beslút nimme moatte.
It Icedôme yn Almere kaam der as bêste út en neffens Terpstra leit it no foar de hân om foar Almere te kiezen.