'Provinsje baalt fan útspraak'

19 jul 2013 - 17:05

De provinsje Fryslân baalt fan de útspraak fan de rjochtbank yn Utert en ropt de KNSB en NOC*NSF op noch gjin gunningsbeslút te nimmen oer de bou fan in topsportlokaasje foar it reedriden en de hiele proseduere opnij te dwaan. Neffens de provinsje sit dy romte yn de útspraak dy't de rjochter freed dien hat.

De rjochter bepaalde dat de KNSB en NOC*NSF binnen fiif dagen in foarlopige gunning dwaan moatte. Dy giet dan nei Zoetermeer, Almere of It Hearrenfean.

Kommissaris Jorritsma seit dat de tariedings foar in nij Thialf gewoan trochgean, ek al hat Almere de bêste papieren. De advyskommisje fan de KNSB advisearre it Icedôme te kiezen. Neffens de regels moat de KNSB dit advys folgje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)