Binnen fiif dagen beslút KNSB

19 jul 2013 - 15:04

De KNSB moat binnen fiif dagen beslute wa't de foarlopige gunning krijt om oan de slach te gean mei in nije topiisbaan. Icedôme yn Almere hie in koart pleit oanspand tsjin it reedridersbûn omdat sy fine dat de KNSB him net oan de ôfspraken hâldt. De rjochter jout de Almeerder inisjatyfnimmers dêryn gelyk. As der net binnen fiif dagen beslist wurdt, dan wurdt in twangsom fan 500.000 euro oplein. De striid giet tusken Almere, Zoetermeer en Thialf op It Hearrenfean.

De fiif dagen gean pas yn as alle belutsen partijen it fonnis tekene hawwe.

Wannear't dat is, is noch net bekend. As de deadline op in sneon of in snein falt, dan skoot de datum troch nei de earstfolgjende wurkdei. It konsortium achter de Icedôme is tefreden mei de útspraak. ,,We hebben gelijk gekregen en dat vind ik niet verwonderlijk. We gaan nu gewoon verder en kunnen afspraken gaan maken", sa seit inisjatyfnimmer Folkert Buiter.

Trefwurden: 
Thialf KNSB topsportlokaasje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)