Dantuma en Wouda nei FC Emmen

Frits Dantuma © Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma
Ald-Cambuur spiler Frits Dantuma hat in kontrakt tekene by FC Emmen. Der wie sprake fan dat Dantuma takom seizoen nei ONS yn Snits soe, mar hy krige in oanbieding fan Emmen. Dantuma kin no yn de Jupiler League noch mear ûnderfining opdwaan. FC Emmen hat ek keeper Jurjan Wouda oanlutsen. Wouda spile earder by de beloften fan SC Hearrenfean.