Stookferbod Skylge en Amelân

19 jul 2013 - 14:13

Op Skylge en It Amelân meie gjin fjurkes mear stook wurde binnen tritich meter fan in bosk, in heidefjild, de dunen of in oar natuergebiet. Boargemaster en wethâlders fan beide gemeenten hawwe dat besletten sjoen de droechte, yn kombinaasje mei de oanheljende wyn. Boppedat is it op it stuit drok op beide eilannen. De gemeenten jouwe foarearst ek gjin fergunningen ôf foar in kampfjoer. Barbekjûwe yn de eigen tún is op Skylge noch wol tastien. It stookferbod op It Amelân duorret foarearst oant 16 augustus.

Trefwurden: 
Skylge It Amelân stookferbod
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)