Lytsere konteners Hearrenfean

Sa'n trijetûzen húshâldens yn de gemeente Hearrenfean hawwe sûnt koarte tiid in lytsere kontener. Offalferwurker Omrin hat in soad konteners omwiksele, mei as doel effisjinter en goedkeaper te wurkjen. De measten hawwe hjir net in soad lêst fan, mar der is ek in grutte groep ynwenners dy't no minder grien ôffal kwyt kin. Benammen Friezen mei in grutte tún sizze hjir in soad lêst fan te hawwen. Yn guon gefallen kin der nammentlik 60 liter minder yn de konteners.
Trijehûndert ynwenners hawwe yntusken dêrom al om in twadde kontener frege. It probleem hjirfan is allinnich dat wannear't der faker in kontener by de dyk stiet, ek mear betelle wurde moat. Yn de gemeente Hearrenfean is dat ien euro per kear.