Man mishannelet eks-freondinne

19 jul 2013 - 10:23
Mishanneling - Foto: ANP XTRA

In 39-jierrige man út de gemeente Dantumadiel is tongersdei oanhâlden foar mishanneling fan syn eks-freondinne op It Hearrenfean. De man wie mei geweld it hûs fan syn eks oan de Gooilandleane binnen gien. De plysje koe de man letter yn Ysbrechtum oanhâlde yn syn auto.

Trefwurden: 
plysje mishanneling
(Advertinsje)
(Advertinsje)