Mollema sakket yn klassemint

18 jul 2013 - 17:37

De berchetappe mei finish boppe-op de Alpe d'Huez is foar Bauke Mollema net goed ôfrûn. Mollema einige as 26e, op 6 minuten en 15 sekonden fan deiwinner Riblon út Frankryk. Dêrmei sakket er nei it 6e plak yn it algemien klassemint, omdat syn konkurrinten Kreuziger en Rodriguez genôch tiid wûnen om him foarby te gean.

Mollema moast al yn it begjin fan de lêste klim op de Alpe d'Huez losse út de groep mei giele trui drager Chris Froome, dy't de lieding yn it klassemint hâldt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)