Mollema nei Profronde

18 jul 2013 - 17:34
Bauke Mollema

Belkinkopman Bauke Mollema docht mei oan de Profronde fan Surhústerfean op 30 july. Dat lit de organisaasje fan de wedstriid witte. Chris Froome dy't no mei de giele trui ûnderweis is yn de Tour de France hie al earder tasein. Der wurdt noch ûnderhannele mei oare dielnimmers oan de Tour.

(Advertinsje)
(Advertinsje)