Ungelok mei gasflesse op boat
In opfarrende fan in boat op de Headammen by Aldegea Smellingerlân is tongersdeitemiddei ferwûne rekke troch in ûngelok mei in lekkende gasflesse. Der hat gjin grutte eksploazje west, mar de persoan hat wol brânwûnen oprûn. Doe't de brânwacht oankaam, waard dúdlik dat der neat yn de brân stie.