'Janey' mei ferfilme wurde

Steven de Jong © ANP Kippa
Steven de Jong hat in rjochtsaak oer it skript foar syn film 'Janey, Kind van de Rekening' wûn. Skriuwer Patrick van Rhijn fûn dat it skript tefolle like op twa fan syn boeken. De rjochter jout Van Rhijn dêr net gelyk yn.
Oft de film der ek echt komt, is noch mar de fraach. Neffens Steven de Jong is in tal jildsjitters ôfheakke. De film en de boeken gean oer in frou dy't by har man wei wol, wylst se de soarch foar har bern hâlde wol.