Bauke's mem sit der plat foar

18 jul 2013 - 16:28

De ûntwikkelings fan Bauke Mollema wurde goed folge yn Dokkum. Syn mem Anko Bangma en styfheit Herbert van der Veen sitte plat foar de tillevyzje. De fytsers moatte hjoed twa kear de Alp d'Huez beklimme. De ôfdaling fan de Col de Sarenne is gefaarlik. Bauke Mollema siet earst noch moai yn de groep mei gieletruidrager Chris Froome. Lieuwe Westra fan De Tynje lei dêr wer krekt efter. Hoe't by de twadde klim is, is noch ûnbekend.

Trefwurden: 
Bauke Mollema
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)