Rjochtsaak oer Anna Blamanhûs

18 jul 2013 - 15:24

Meiwurkers fan IHLIA Ljouwert - it eardere Anna Blamanhûs - fjochtsje harren ûnslach oan yn in koart pleit foar de rjochtbank yn Ljouwert. De festiging fan IHLIA yn Amsterdam wol 'Ljouwert' per oktober slute, omdat de subsydzje fan de Provinsje Fryslân ophâldt.

Neffens advokaat David Schalkwijk fan Adrenna Arbeidsrechtadvocaten binne de meiwurkers fierste let ynformearre. It bestjoer naam it beslút ta sluting yn augustus ferline jier, mar de meiwurkers binne pas yn juny dit jier op de hichte steld, seit de advokaat.

De tige lette ynformaasje is net neffens de cao en de saneamde meisizzenskipsrjochten. Boppedat leit der gjin sosjaal plan en binne de fakbûnen net op de hichte brocht fan it ûnslach, sa seit de advokaat. De útslach fan it koart pleit is takom wike tongersdei.

IHLIA Ljouwert hat in unike kolleksje materiaal op lesbysk en homoseksueel terrein. Mooglik binne der alternativen om de festiging Fryslân dochs besteansjocht te jaan. IHLIA is in ynformaasjesintrum mei biblioteek foar lesbyske froulju, gay manlju, bi-minsken en transgenders.

Trefwurden: 
koart pleit ûntslach IHLIA
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)