Grûnwetterstân net te leech

Wetter © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Fryslân hat gjin lêst fan droechte troch in te lege grûnwetterstân. It wetterpeil yn de Fryske boezem is mei -51 NAP krekt wat leger as gewoanwei om dizze tiid, -52.
Wetterskip Fryslân hoecht op dit stuit gjin maatregels te nimmen fanwege de waarmte. Mocht it peil fierder sakje, dan wurdt wat mear wetter fan de Iselmar de Fryske boezem ynlitten.