Ferwûne troch bierfleske

© ANP XTRA
In 19-jierrige jonge út Almere is woansdeitenacht ferwûne rekke doe't er yn Ychten troch in bierfleske rekke waard. Twa groepen jongerein krigen op it terras fan in kemping oan de Oshaarsewei rûzje mei-inoar. In 17-jierrige jonge út Noardwâlde smiet it fleske nei de jonge út Almere. Dy rekke ferwûne oan 'e hân en belle de plysje.
De jonge út Noardwâlde is oanhâlden troch de plysje.