Fryske roasters nei Maasvlakte

18 jul 2013 - 12:13

Roastermakker Dejo fan Wolvegea hat in grutte oarder binnenhelle. It bedriuw mei stielen roasters leverje foar de Twadde Maasvlakte by de Rotterdamske haven. It giet om 25 000 kante meter oan roasters. It is de grutste oarder ea foar it bedriuw.

De mega-oarder smyt in soad ekstra wurk op foar útstjoerkrêften. It fabryk op Wolvegea wurket op it stuit yn trije ploegen om oan de oarder te foldwaan. De roasters moatte yn novimber levere wêze. Se wurde brûkt foar de treppen en bordessen tusken de konteners.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)