Kâns op hjitteweach

18 jul 2013 - 11:10

De kâns op in hjitteweach yn Nederlân is de kommende dagen frij grut. Dat seit waarman John Havinga. Foar in hjitteweach moat it fiif dagen achterinoar 25 graden of waarmer wêze. Trije dêrfan moatte tropysk wêze mei 30 graden of heger. Snein wurdt it 28 graden en begjin takom wike noch waarmer.

De waarmte komt fan in hegedrukgebiet. Dat hat fan gefolgen dat de wyn út it easten komt en dat betsjut waarmere lucht. Yn kombinaasje mei in soad sinneskyn kin dat hege temperatueren opsmite.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)