Topfertsjinner moat ynleverje

18 jul 2013 - 10:27

It topynkommen fan bestjoersfoarsitter Wander Blaauw fan Zorgpartners Friesland fan goed 380.000 euro wurdt binnen in pear jier ôfboud nei de Balkenende-noarm fan sawat twa ton. In nije wet pakt topynkommens fan bestjoerders yn de publike en semypublike sektor oan. Dy meie noch fjouwer jier it ynkommen hâlde, mar moatte dêrnei binnen trije jier tiid op de noarm sitte.

Yn Fryske soarch- en oerheidsynstellings moatte 24 bestjoerders tebek yn lean. Sa fertsjinnet Diana Monissen fan De Friesland no noch 360.000 euro yn it jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)