Helmholt ljept nei 21 meter

18 jul 2013 - 09:32

Bart Helmholt hat woansdeitejûn de ljepperij fan Gryptsjerk op syn namme skreaun. Mei in sprong fan eksakt 21 meter wie hy de konkurrinsje de baas. Boppedat is dy ôfstân in nij skânsrekôr. Hannes Scherjon waard twadde mei 19.65 meter, mar hy rekke wol blessearre by dy sprong.

Ek by de junioaren kaam der in nij skânsrekôr. Age Hulder kaam ta 19.61 meter en helle dêrmei ek de oerwinning binnen. By de froulju gie Melanie Heins (14.74) der mei de winst fantroch, by de jonges wie Bobby Zwaagman (17.09) de bêste.

Trefwurden: 
fierljeppen Bart Helmholt
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)