Feanster fêst om drugssmokkel

18 jul 2013 - 08:26

In 23-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean is troch de Marechaussee oanhâlden. De man soe opdrachtjouwer wêze fan in tal drugstransporten fan Kurasao nei Nederlân. De plysje krige op it eilân in organisaasje yn byld dy't him mei drugssmokkel dwaande hâlde. In resjerzjeteam waard op de saak set.

Neffens it team is de Hearrenfeaner ferantwurdlik foar de transporten en soe er de koeriers regele hawwe. Op Kurasao binne trije fertochten oanhâlden. Yn harren wenningen binne fjoerwapens, jild en drugs fûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)