Sijbrandij wint yn Minnertsgea

Keatsen © Aise van Beets, Omrop Fryslân
Nynke Sijbrandij, Maaike Osinga en Wiljo Sijbrandij hawwe woansdei yn Minnertsgea de frije formaasjepartij foar froulju op harren namme skreaun. Yn de finale wienen sy folle sterker as de ferrassende finalisten Nieke Wateler, Marike Beckers en Melissa Rianne Hiemstra: 5-0 en 6-2. It favorite partoer fan Lisette Wagenaar, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra wûn de tredde priis. Sy giene yn de heale finale ferrassend hurd ûnderút tsjin de lettere winners: 5-1 en 6-2.