Truck mei tsiis kantele op A12

© Aise van Beets
In Fryske frachtauto soarget op it stuit foar in grutte gaos op de A12 by Arnhem. De auto fan Broersma Logistiek fan It Hearrenfean is dêr troch de fangrail sketten en kantele. Yn de frachtauto siet bûter en tsiis en troch it ûngemak is in grutte ravaazje ûntstien. De A12 moast oan beide kanten ôfsletten wurde en dat soarget foar kilometers fertraging.
Neffens de ferkearsynformaasjetsjinst duorret it noch oeren foardat alles wer oprêden is. De sjauffeur fan de frachtauto is net ferwûne rekke.