FNV: 'Staking docht fertuten'

Aksje by Van Wijnen © Omrop Fryslân, Harm Weistra
Boubedriuw Van Wijnen krijt fan it UWV gjin tastimming foar it ûntslach fan 8 wurknimmers fan de festiging op De Gordyk. Neffens it UWV hat Van Wijnen net genôch dien om de wurknimmers earne oars oan de slach te krijen. Boppedat soene der tefolle útstjoerkrêften by Van Wijnen wurkje. It fakbûn FNV seit dat de útspraak fan it UWV te tankjen is oan de stakingsaksjes fan de ôfrûne tiid.
Ferline wike waard al in dei it wurk dellein, en ek tiisdei en woansdei waard staakt. FNV is fan doel har aksjes ek de kommende tiid noch troch te setten.