Net ûntslachfergoeding Marsman

Justysje © ANP XTRA
De kantonrjochter fan Ljouwert hat in streek set troch de ûntslachfergoeding foar de eardere topbestjoerder Chris Marsman fan de Kwadrantgroep. Marsman sit al sûnt ein ferline jier siik thús. De Kwadrantgroep woe him oant syn pensjoen op wachtjild sette. Dat soe de ynstelling mei-inoar in lytse twa miljoen euro kostje. De kantonrjochter wegeret dat. Marsman krijt no allinnich in ûntslachfergoeding fan hast 36.000 euro. Syn kontrakt wurdt op 1 augustus ûntbûn.
Om't beide partijen swije oer de reden fan it ûntslach stelt de rjochter dat hy dan net by steat is te beoardieljen oft de fergoeding terjochte is.