Kliko's fan brêge op dyk soald

17 jul 2013 - 15:20

Fan de houten brêge It Krúsrak yn Snits binne tiisdeitenacht kliko's op de N7 smiten. De plysje krige om 02.30 oere in melding dat in automobilist op in griene kontener riden wie. De bestjoerder (54) út Snits botste derop en koe de auto pas nei hûnderten meters al remjend en slingerjend ta stilstân bringe. Der leinen twa kliko's op de dyk dy't besiedde wie mei grienôffal. Ek leinen in tal stikken smiten drankflessen op de dyk. De plysje tinkt dat jeugd de konteners fan de Hanso Mollstrjitte mei de brêge op nommen ha en doe op de N7 smiten ha.

De plysje siket tsjûgen.

Trefwurden: 
Snits plysje kliko
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)