Toer Hegebeintum wer fersakke

17 jul 2013 - 14:51

De tsjerketoer fan Hegebeintum is de ôfrûne fjouwer jier 8 milimeter fersakke. Dat docht bliken út in mjitting yn opdracht fan de stifting Alde Fryske Tsjerken. De stifting is eigener fan de tsjerke en sil yn septimber gear oer mooglike maatregels om de fersakking tsjin te gean. Der is neffens de stifting op dit stuit gjin gefaar. De fersakking is al jierren oan de gong. Yn 1989 binne alris maatregels naam, mar dy hawwe net folslein holpen.

Trefwurden: 
Hegebeintum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)