Fertochte saak De Terp pakt
De plysje hat tiisdeitemoarn in tredde fertochte oanhâlden yn it ûndersyk nei de dea fan Anne de Boer. Ein juny waard de 58-jierrige bewenner fan dakleaze-opfang De Terp yn Ljouwert ûnder fertochte omstannichheden dea oantroffen. De fertochte is in 49-jierrige bewenner fan De Terp. Hy wurdt fertocht fan belutsenheid by it misdriuw. Earder binne twa oare fertochten oanhâlden, ek bewenners fan de opfang, mar dy binne ek wer frijlitten.