Wer oanhâlding foar oerfallen

17 jul 2013 - 13:45

De plysje hat tiisdei in fyfde fertochte oanhâlden yn it ûndersyk nei oerfallen op winkels yn Ljouwert. Sûnt ein maart binne binne de oerfallen dien. De jonge fan 16 jier út Ljouwert wurdt fertocht fan belutsenheid by dy oerfallen. Earder binne al fjouwer fertochten oanhâlden fan 17 en 18 jier. Se sitte noch fêst. De plysje slút mear oanhâldingen net út.

Trefwurden: 
Ljouwert plysje oerfallen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)