Blog: Op nei de etappe fan tongersdei!

17 jul 2013 - 11:06

It is healwei tsienen jûns as we oan de foet fan de berch steane. 'Interdit', stiet der. Mar gelokkich is dat allinnich foar de caravans en nei alle gedachten ek foar campers. We ride nei boppen en passearje de bochten mei de legindaryske winners fan in Tour-etappe op de Alpe d'Huez, sa as Theunisse, Rooks en Pantani. We komme oan by it doarpke Huez, fjouwer kilometer fan de finish. Tongersdei komme se hjir twa kear del.

Der is noch plak, mar net in soad mear. We parkearje de bus oan de kant fan de dyk en krije fuort in bierke yn de hannen drukt fan in stel jonges út West-Friesland. Mar earst efkes alles regelje, wêrûnder in plak op te sliepen. Us maat hat trije opklapbere tintsjes by him. Mar as de kofferbak iepengiet, lizze der mar twa yn. We ha sels ek in tinte by ús, mar dy is nochal grut. Kameraman Dirk Klaver beslút yn de bus te sliepen, mar om no te sizzen dat dat geweldich leit, no nee. Luchtbêd oppompe en dan ûntdekke dat er lek is. Tape der op helpt ek net. Twa sels-inflatable matsjes dan mar. Mar it leit ek nochris skeef op in stikje berch. Dan begjint it ek noch te reinen. En omdat it in stikje is dat skeef leit, sjoch ik it wetter al myn tinte yn streamen. It reint lykwols net hiel hurd en ik hâld it droech. Ik tink dat ik fan 02.00 oant 08.00 de helte sliep en de oare helte wekker wurd troch auto's en frachtweinen dy't foarby skeure. Of in frachtwein dy't foar myn gefoel hast myn tinte ynrydt, mar it blykt in feiwein te wêzen. As ik de oare moarns wekker wurd, binne der in stik of wat auto's by kaam. Belgen, Italianen, Slowaken, Australiërs, se binne der allegear. Hjoed wer filmje. Sjen hoefolle Friezen oft we tsjinkomme. Op nei de 'Hollandse Bocht' (bocht 7). En op nei de etappe fan tongersdei!

Trefwurden: 
argyf Tour de France
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)