Foar tredde kear yn de fout
Foar de tredde kear dit jier is in 52-jierrige frou út Harns trappearre op riden mei drank op. Se ried op de Zuidoostersingel doe't se tiisdei oanhâlden waard. It die bliken dat it rydbewiis fan de frou ûnjildich ferklearre wie. De plysje hat de auto fan de frou no yn beslach nommen.