Van der Duim wint dûbel

Tennisser Antal van der Duim hat mei syn Italiaanske partner Claudio Grassi de dûbelfinale fan it tennistoernoai yn Israel wûn. De Finkegeaster wie mei syn dûbelpartner yn twa sets (6-3/7-5) te sterk foar it duo Roelofse en Anderson út Súd-Afrika. Van der Duim en Grassi wiene as earste pleatst.
Yn Eilat kaam Van der Duim ferline wike ek yn aksje yn it inkelspul. Doe waard hy yn de twadde rûnde útskeakele.