Wer wurk dellein by Van Wijnen

17 jul 2013 - 10:06

Personiel fan boubedriuw Van Wijnen hat woansdei it wurk op 'e nij dellein. Meiwurkers út Fryslân binne woansdeitemoarn, lykas tiisdei, nei it haadkantoar yn Baarn gien om te protestearjen. Se dogge dat omdat direksje en fakbûnen it net iens wurde kinne oer in sosjaal plan.

By Van Wijnen ferdwine lanlik sa'n 70 banen, de fakbûnen fine dat de direksje dizze wurkjouwers te min biedt. Earder waard op boulokaasje yn Drachten, Beetstersweach, Snits en Ljouwert troch guon wurknimmers it wurk dellein.

Trefwurden: 
Van Wijnen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)