Botsing op A32 by Wurdum

17 jul 2013 - 06:52

By in oanriding op de A32 binne tiisdeitejûn trije minsken ferwûne rekke. By de ferkearsljochten op de krusing mei de Legedyk by Wurdum botsten trije auto's op mekoar. In automobilist (19) út Ljouwert seach te let dat der foar de krusing noch auto’s stil stienen. Hy botste op in stilsteande auto, bestjoerd troch in frou (42) út Aldeboarn. Dizze auto botste wer tsjin in oare auto fan in man (69) fan It Hearrenfean.

Earst waard tocht dat ien fan de bestjoerders beknypt rekke wie yn ien fan de auto's. De helptsjinsten rukten derom manmachtich út. Al gau die bliken dat it net sa slim wie en koe de traumahelikopter wer werom. De frou en har soantsje fan 4 jier binne foar ûndersyk nei it sikehûs brocht. In man dy't by de Ljouwerter yn de auto siet, is trochferwiisd nei de dokter.

Trefwurden: 
A32 botsing Wurdum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)