Nw. Noord en FeanFan net iens

16 jul 2013 - 22:22

De beide supportersklups fan Sportklup Hearrenfean reagearje ferdield op it opstappen fan de ried fan kommissarissen. Marcel Annema fan FeanFan wie wol ferrast oer it opstappen, mar toande him tefreden mei it beslút fan de rfk. Syn kollega van Nieuw Noord, Edward Jousma, fynt it opstappen lykwols net ferstannich. Neffens Jousma hie de rfk mei dit beslút wachtsje moatten oant it rapport fan de ûndersykskommisje der is. Dat rapport wurdt binnen twa wike ferwachte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)