Auto Trekfeart Triemen ynriden

De helptsjinsten takelje de auto it wetter út © Omrop Fryslân
Yn it kanaal oan de Trekwei by de Triemen hawwe dûkers fan de brânwacht yn de nacht fan moandei op tiisdei socht nei de bestjoerder fan in auto. Om twa oere hinne krige de plysje melding fan in auto dy't yn it wetter lei. De sykaksje hat neat opsmiten. Hoewol't de eigener fan de auto bekend is, is de bestjoerder noch hieltyd net fûn.