Flinterboerd yn sleat fûn

16 jul 2013 - 10:40

It ynformaasjeboerd Vlinderberm Canterlân yn Gytsjerk is weromfûn yn 'e sleat. It boerd waard ferline wike tiisdei stellen út de berm fan it fytspaad by de Canterlânskewei del. Der sitte skuorren yn it glês, wêrtroch't de foto's en teksten wiet wurden binne. Mei help fan gemeente Tytsjerksteradiel hat de Wielenwerkgroep it boerd dochs mar wer op teplak set. Freed is de presintaasje fan '20 jaar Vlinderberm'.

Nettsjinsteande de skea is de wurkgroep bliid dat it boerd werom is. It glês en de teksten sille pas letter fernijd wurde. It nije boerd moat foar it nije seizoen yn maaie takom jier klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)