Grut ferlet fan gastgesinnen

AFS siket Fryske húshâldings foar bûtenlânske jongeren. De útwikselingsorganisaasje ûntfangt ein augustus wer tsientallen jongeren dy't hjir in jier lang leare sille. It giet om jongerein fan 15 oant 18 jier út bygelyks Argentinië, België en Tailân.
De organisaasje hat it dit jier dreech om opfangadressen te finen. Neffens harren komt dat mei troch de ekonomyske krisis.