Twa lytse famkes betaast

Twa famkes fan 6 en 7 jier út Drachten binne sneontemiddei lestich fallen troch in noch ûnbekende man. Ien fan de famkes soe om ûngefear healwei fiven betaast wêze troch de man, dat wie yn de buert fan de boarterstún op de krusing fan de Meer en de Geeuw. It oare famke waard in oere letter betaast troch in man op it skoalplein oan de Flevo.
Mooglik giet it yn beide gefallen om deselde man. De plysje ropt minsken dy't wat sjoen hawwe op har te melden by de plysje.
It sinjalemint fan de fertochte is: blanke man, tusken de 25-50 jier âld. Ungefear 1.75-1.85 lang, koart stikelich hier. Hy soe in donker plakje boppe it linkereach hawwe, net dúdlik is oft dat altyd sa is of dat it in wûntsje is. De man hie in lange broek oan en in shirt mei koarte mouwen. Hy fied op in swarte fyts. Minsken dy't ynformaasje hawwe kinne kontakt opnimme mei de plysje fia 0900-8844.