Wenwyk Easterwâlde bliuwt wiet

It probleem fan de wenwyk de Wrongel yn Easterwâlde liket hieltyd grutter te wurden, want ingenieursburo Oranjewoud slagget der net yn drainaazjebuizen yn de grûn te lizzen. Dit komt troch de fundaminten fan it molkfabryk De ZuidOostHoek dy't noch yn de grûn sitte en dan is der mooglik ek noch asbest yn de tunen fûn. De hierders fan de 22 wenten hawwe al moannenlang in skeel mei wenningboukorporaasje Actium, omdat it reinwetter net fuortkomme kin en de wyk der sa no en dan ûnder strûpt.
De bewenners tinke der oer om de hier net mear te beteljen oan Actium, mar op in spesjale rekken by in notaris te stoarten. Neffens de gemeente binne de BAM, Actium en de provinsje ferantwurdlik foar de problemen fan de wyk.