Grutte drokte by reisburo's

Reisburo's yn Fryslân ha it drok. Minsken dy't earst net fan plan wiene op fakânsje te gean komme dêr no op werom. Faak giet it dan om reizen nei Grikelân, Turkije en Spanje. Dêr binne minsken hast wis fan moai waar.
Reisburo Globe yn Burgum hat it de lêste wiken tige drok. Minsken moatte soms wachtsje foar se help krije. Ien kear oan de beurt binne de bestimmings wol goed beskikber. Der wurde net allinnich reizen nei de sinne boekt, ek de wintersportbestimmings binne populêr.