Finansjele stipe foar MKB

Ferskate partijen yn de gemeenteried fan Ljouwert hawwe by it kolleezje fan boargemaster en wethâlders omtinken frege foar de drege finansjele situaasje fan Ljouwerter MKB-ûndernimmers. De VVD, PvdA, SP en GrienLinks fine dat de gemeente de ûndernimmers aktyf wize moat op de regeling dy't finansjele help foar it MKB mooglik makket. Dat wurdt betelle út de NUON-jilden, sa hat de provinsje begjin dizze moanne bepaald.
De fraksjes wolle dat it kolleezje fan Ljouwert hjiroer op koarte termyn yn petear giet mei de provinsje.