Wurkjouwers wurkje mear gear
De buro's fan ûndernimmersorganisaasjes VNO-NCW Noord en MKB Nederland Noord wurde fan moandei ôf ien. Lanlik hawwe dizze organisaasjes elkoar ek al fûn, mar de noardlike fertsjintwurdigers fan beide klups rinne mei dizze stap foar op de oare regio's. Foar de leden bliuwe it twa aparte organisaasjes.
Neffens direkteur Lambert Zwiers kinne de organisaasjes no folle effisjinter wurkje en kinne der ek kosten besparre wurde.