Wrâldrekôr op NK aaismiten

14 jul 2013 - 17:31

By it Iepen NK aaismiten yn Makkum is ôfrûne wykein in wrâldrekôr smiten. It rekôr stie op 71,2 meter en waard dizze maitiid yn Ierlân helle. Lennart Adema wist yn Makkum in ôfstân fan 73,77 meter te smiten. It aai waard goed fongen troch Andries Smink. Adema hie earder ek al it wrâldrekôr yn hannen en woe dat graach werom. Op it Iepen NK aaismiten waard op de Markt en it Plein troch goed 200 dielnimmers op fiif ûnderdielen striden foar de titel.

Trefwurden: 
Makkum aaismite
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)