Wagenaar pakt winst yn Baard
De haadklasse frije formaasjepartij yn Baard is snein in proai wurden foar it partoer fan Lisette Wagenaar, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra. Yn de finale wie it trijtal mei 5-1 en 6-4 te sterk foar Joukje Kuperus, Feikje Bouwhuis en Harmke Siegersma. De lytse preemje gong nei Nynke Sijbrandij, Maaike Osinga en Wiljo Sijbrandij.