Readkopklauwier yn Fryslân

Tsientallen fûgelaars wiene ôfrûne wykein te finen yn Broeksterwâld. Se kamen dêr om te sjen nei de readkopklauwier. Nei alle gedachten sit it fûgeltsje der al twa wiken, mar dit wykein ferskynde it berjocht oer it fûgeltsje op in webside foar fûgelspotters. En omdat it wykein is setten spotters út it hiele lân mei grutte kamera's ôf nei de Patrimoaniumwei yn Broeksterwâld om in glimp fan de readkopklauwier op te fangen. Dizze soart komt út Súd-Europa en komt gewoanwei net yn Nederlân foar.
Hy is noch mar in pear kear yn ús lân sjoen. Nei alle gedachten is dit eksimplaar ferdwaald.