Duo pakt foar ynbraak Boksum
De plysje hat sneontenacht in 19-jierrige Ljouwerter en in man fan 20 jier út Driezum oanholden. De beide manlju wurde fertocht fan ynbraak yn in wenning oan de Muontsehiem yn Boksum. It is noch net dúdlik as se wat stellen ha. De plysje docht noch fierder ûndersyk.