De Jong en Fabriek goed op WK

Jannick de Jong en Dirk Fabriek ha sneontejûn yn it Frânske Marmande bêste saken dien yn de tredde wedstriid fan it WK langbaan. Gordykster De Jong waard achter de Brit Richard Hall twadde. Ald-Jobbegeaster Dirk Fabriek waard fjirde. Jannick de Jong wûn trije searjes en waard twa kear twadde. Fabriek wûn twa omlopen en waard in kear twadde, tredde en fjirde. Boppedat wûn er in heale finale, wylst De Jong dêryn twadde waard. Yn de grutte finale gong de winst nei Richard Hall. Yn de WK tuskenstân is De Jong no twadde en Fabriek sechsde.
Trijefâldich wrâldkampioen Joonas Kylmäkorpi út Finlân bliuwt oan de lieding mei 67 punten. Yn Frankryk helle er de A-finale net, hy waard sechsde. Jannick de Jong is twadde mei 60 punten. Dirk Fabriek klimt mei 39 punten nei it sechsde plak. Der komme noch trije wedstriden om de wrâldtitel, yn Poalen, Dútslân en Frankryk. De tredde Fries, Theo Pijper, hie gjin súkses. Hy waard 18e. Ek syn plak yn de tuskenstân.