Mart Dijkstra mooglik yn basis

20 jan 2012 - 13:26

De kâns is grut dat Mart Dijkstra snein yn de basis begjint by Sportklup Cambuur tsjin Go Ahead Eagles. Martijn van der Laan is skorst en Robert van Boxel noch altyd blessearre en it leit foar de hân dat Dijkstra it plak sintraal achteryn ynnimt.

Der binne mear blessueres by Cambuur: Erik Bakker (knibbel), Marco Bizot (pols) en Vincent Weijl (hamstring) binne net ynsetber. Marco van der Heide (rêch) is noch in fraachteken. Yn de spits krijt Mark de Vries wierskynlik de foarkar boppe Martijn Barto.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)