See-earnen besykje te fleanen

De twa jonge see-earnen yn it Lauwersmargebiet besykje foarsichtich te fleanen. Neffens Hans Gartner fan Steatsboskbehear klauterje de jonge wyfkes al yn de tûken om it nêst hinne. Se brûke hjirby ek al harren wjukken. Ek traine se op de râne fan it nêst de spieren fan dy wjukken. It is in reedlik gefaarlike tiid want as se echt begjinne te fleanen dan kinne se yn de boskjes bedarje. It is mar de fraach as se dêr ek wer útkomme.
De jonge fûgels binne yn goeie kondysje want der is genôch te fretten. De ferwachting is dat de jonge see-earnen stadichoan wat fierder fan it nêst ôffleane en dat se seker oant de ein fan it jier yn it Lauwersmargebiet bliuwe.